Bernhard van Haersma Buma: heit en soan út in boargemastersfamylje

In heit en in soan fan in boargemaster. Dat wie Bernhard van Haersma Buma. Sels ferfolle hy dy rol ek 31 jier. Earst acht jier yn de gemeente Warkum, fan 1962 oant 1970, en dêrnei fan 1970 oant syn pensioen yn 1993 yn de gemeente Snits.
Foarich jier makke Omrop Fryslân dizze reportaazje, nei oanlieding fan de ynstallaasje fan syn soan Sybrand as boargemaster fan Ljouwert.
Bernhard van Haersma Buma ferstoar freed op 88-jierrige leeftyd.
Van Haersma Buma waard berne yn Starum as soan fan Sybrand Marinus van Haersma Buma, dy't dêr sûnt 1930 boargemaster wie. Doe't er seis jier wie, waard syn heit boargemaster fan Wymbritseradiel. Syn heit kaam yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch om it libben yn it konsintraasjekamp Neuengamme, dêr't hy telâne kaam fanwegen syn anty-Dútske hâlding.
Nei it ôfstudearjen wurke Bernhard van Haersma Buma by it kabinet fan de boargemaster fan Den Haag. Yn 1959 waard er waarnimmend sjef fan it kabinet fan de kommissaris fan de Keninginne yn Drinte.

Politike karriêre

De politike karriêre fan Van Haersma Buma begûn doe't er yn 1960 keazen waard ta foarsitter fan de Federatie van Christelijk-Historische Jongerengroepen.
Yn 1962 waard Van Haersma beneamd ta boargemaster fan Warkum. As opfolger fan Jacob Russchen, dy't fan 1948 oant 1962 boargemaster fan dy gemeente wie. Van Haersma Buma soe de funksje yn totaal acht jier ferfolje.
Yn 1970 waard Van Haersma Buma ynstallearre as boargemaster fan de gemeente Snits. Dat bleau hy oant syn pensjoen yn 1993.

Sybrand Buma

Van Haersma Buma troude yn 1959 mei Elly van Werkum. Sy ferstoar yn 2019. Se krigen twa dochters en in soan. Dy soan, Sybrand van Haersma Buma, is op dit stuit boargemaster fan de gemeente Ljouwert. Earder wie hy ûnder mear foarsitter fan de Twadde Keamerfraksje fan it CDA, de partij dêr't Bernhard van Haersma Buma al sûnt de oprjochting lid fan wie.
Bernhard van Haersma Buma en syn frou wiene der yn 2019 noch tsjûge fan dat Sybrand de famyljetradysje fuortsette. Se hienen in soad fertrouwen yn harren soan. "Myn frou en ik fine it fansels prachtich, wy binne der hiel bliid mei", sei Bernhard van Haersma Buma doe.
Eelke Lok oer Buma, dy't as sjoernalist in soad mei him te krijen hie