Ald-boargemaster Bernhard van Haersma Buma (88) ferstoarn

Ald-boargemaster Bernhard van Haersma Buma is ferstoarn. Dat meldt syn famylje. Van Haersma Buma hat 31 jier boargemaster west.
© Omrop Fryslân
Bernhard Buma wie fan 1962 oant 1970 boargemaster fan Warkum, en fan 1970 oant 1993 fan Snits. Nei syn pensjoen wenne er yn Ljouwert. Van Haersma Buma is de heit fan de hjoeddeiske boargemaster fan de gemeente Ljouwert, Sybrand Buma.
Buma waard freed net goed, by it swimmen yn it rekreaasjegebiet de Griene Stjer. Omstanners ha him út it wetter helle, en besochten him te reanimearjen. Buma is oerbrocht nei it MCL, dêr't er letter ferstoar. Hy is 88 jier âld wurden.