Brêge Slachtetille oer A31 tydlik fuort foar ûnderhâld

De brêge Slachtetille oer de A31 tusken Frjentsjer en Harns wurdt sneon fuorthelle foar ûnderhâld. Fjouwer grutte kranen binne dwaande mei de demontaazje fan de fuotgongersbrêge.
Slachtetille oer A31 tydlik fuort foar ûnderhâld
Begjin 2020 wurdt de brêge werompleatst. Yn juny takom jier is de Slachtemaraton wer. De brêge is ûnderdiel fan dy kuiertocht.
Rykswettersteat sil dizze winter grut ûnderhâld útfiere oan de brêge. Dat dogge se troch de brêge hielendal fuort te heljen. Op dizze wize kin it wurk feilich plakfine yn in wurkpleats. Kuierders kinne yn de tuskentiid gebrûk meitsje fan de fytstunnel eastlik fan de Slachtetille.
© Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Grut ûnderhâld

It fuortheljen fan de Slachtetille is ûnderdiel fan grutskalige ûnderhâldswurksumheden oan de A31 tusken Surch en Frjentsjer. Dy duorje oant kommende woansdeitemoarn. Der binne omliedingsrûtes fia de N359 en de N384.