Fryske minister en steatssekretaris Louw de Graaf (90) ferstoarn

Ald-minister en -steatssekretaris Louw de Graaf fan It Hearrenfean is ferline wike ferstoarn, sa is freed bekend wurden. De Graaf wie yn de jierren '70 en '80 trije kear steatssekretaris fan Sosjale Saken foar de ARP en it CDA. Ek wie er twa kear minister.
Louw de Graaf yn debat yn de Twadde Keamer (1985)
© ANP
De Graaf waard berne by De Koaten by Jistrum. Hy begûn syn karriêre by fakbûn CNV. Dêr waard er úteinlik vice-foarsitter. Ein 1977 stapte De Graaf oer nei de polityk en waard steatssekretaris fan Sosjale Saken yn it earste kabinet fan Van Agt. Letter hie er deselde funksje yn de kabinetten Lubbers I en II.
De Fries wie ek twa kear minister, op itselde ministearje. De earste kear wie yn 1982 yn it oergongskabinet Van Agt III. De twadde kear wie yn 1987, doe wie er ferfanger fan minister De Koning. Nei de polityk wie Louw de Graaf noch foarsitter fan de sikefûnsried en it kolleezje foar soarchfersekeringen.
De Graaf is 90 jier wurden. Hy is yn besletten rûnte begroeven yn Jistrum.