Drankrider naait út by Sint-Anne, mar wurdt pakt mei wiet pak

De plysje fan Noardwest-Fryslân hat sneontenacht in drankrider efterfolge yn de omkriten fan Sint-Anne. De bestjoerder moast in blaastest dwaan, maar naaide dêrnei út.
© Shutterstock.com (RLMX)
De bestjoerder fan de auto krige op de Van Harenstrjitte in stopteken fan de plysje. De plysje besocht in blaastest by de persoan ôf te nimmen, mar dat mislearre. Doe naaide de bestjoerder ynienen út. Dat die de persoan dravend en de plysje kaam der efteroan. De persoan sprong troch ferskate boskjes en sleatten, mar koe lang om let mei in wiet pak oanholden wurde.
Op it plysjeburo die bliken dat de bestjoerder mear as trije kear tefolle dronken hie as dat mocht. It rydbewiis fan de persoan is dêrom yn beslach nommen.