Doarpsbelang Himmelum yn noed oer giftige eksoat: "Die plant is doodeng"

It doarpsbelang fan Himmelum hat alarm slein oer in giftige, eksoatyske plant, dy't him flink oan it fersprieden is. De gifsumak feroarsaket by oanrekking fan de blêden slimme allergyske reaksjes en is mar dreech út te rûgjen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
It doarpsbelang seach dat de plant him de ôfrûne jierren flink fersprate. De gemeente Súdwest-Fryslân hat no yn gearwurking mei it doarpsbelang en It Fryske Gea opfallende buorden pleatst lâns de Vangdyk yn it doarp, dy't warskôgje foar it gefaar fan de gifsumak.
"Je krijgt er een hele sterke allergische reactie van, hele dikke blaren", leit Huib Volker fan it doarpsbelang út. Yn de plant sit de stof urushiol. "Die zit in alle delen van de plant en gaat zelfs door rubberen handschoenen heen. Dus daar word je niet vrolijk van."

Drokke rûte

De plant groeit oan in drokke rûte, dêr't in soad minsken by del fytse en kuierje. "Het is een prachtige route, maar die plant is doodeng." De gifsumak groeit yntusken oan beide kanten fan it fytspaad en krûpt meters by beammen omheech.
De gifsumak is de giftichste plant fan Nederlân en komt allinnich op de Vangdyk foar. De út Amearika ôfkomstige eksoat waard yn 1919 oanplante, om't it woartelstelsel de Vangdyk goed fersterke. Doe't yn de rin fan de jierren bern yn Himmelum siik waarden, hienen se noch gjin idee fan de oarsaak. Pas yn 1960 waard de gifsumak hjirfoar ferantwurdlik hâlden.

Utrûgje hast ûnmooglik

Foar safier bekend, groeit de gifsumak allinnich op dit spesifike plak yn Nederlân. De plant is yntusken sa bot ferwyldere dat útrûgje hast ûnmooglik is. It woartelstelsel hat him sterk útwreide en sit troch de folsleine boaiem fan de Vangdyk.
Allinnich goed bermbehear kin de gifsumak yn betwang hâlde. Volker: "Als bermbeheer stukken van de gifsumak weghaalt en elders weer neergooit, kan die zich weer verspreiden. Dus er moet wel goed beleid op komen."
Huib Volker fan doarpsbelang Himmelum