Betizing oer iepenbiere toiletten: "Maatregel niet bedoeld voor verblijfsrecreatie"

By de rekreaasjesektor is betizing ûntstien oft iepenbiere toiletten no wol of net iepen meie. Freed melde ûndernimmersorganisaasje HISWA-RECRON op basis fan in meidieling fan de Veiligheidsregio op de webside dat de toiletten fan 14 maaie ôf op campings wer iepen mochten. Mar neffens de Veiligheidsregio giet it allinnich om toiletten foar deirekreaasje. De HISWA-RECRON hat de meidieling sneon wer fan de webside helle.
Betizing oer iepenbiere toiletten
Yn it berjocht fan HISWA-RECRON stie dat de iepening jildt foar de toiletfoarsjenningen op campings en net foar de waskhokken en de dûsen. Dat lêste kloppet. Mar sa't no blykt út in meidieling fan de Veiligheidsregio meie de toiletten op campings ek net iepen.
Neffens de Veiligheidsregio Fryslân giet it allinnich om toiletten op plakken foar deirekreaasje, lykas strannen, swimbaden en pretparken. It giet dus perfoarst net oer wc's by ferbliuwsrekreaasje sa as campings en jachthavens. Dêr moatte minsken har eigen toilet meinimme.

"Maatregel niet bedoeld voor verblijfsrecreatie"

"Wij begrijpen dat het verwarrend is. Het is ook wat ingewikkeld. Wat wij hebben besloten is dat openbare toiletten op zich geopend zouden kunnen worden, daar waar dat bijdraagt aan de hygiëne in de omgeving. Mensen zijn weer meer op pad, dat mag ook. Als er dan geen toiletvoorzieningen zijn, gaan mensen hun behoefte bijvoorbeeld in de bosjes doen," seit Saskia van den Broek fan de Veiligheidsregio Fryslân yn in taljochting.
"Deze maatregel is dus niet bedoeld voor de verblijfsrecreatie. Campings kunnen hun sanitair dus niet beschikbaar stellen aan hun gasten. Dat was al zo, en dat blijft zo. Kamperen is dus alleen toegestaan als je gebruik kunt maken van eigen sanitair, of als campings voor elke gast eigen sanitair beschikbaar stelt."
Sneontemoarn wiene campingeigeners noch tige optein oer it iepen gean fan de toiletten, mar it liket derop sy no dochs oant 1 july wachtsje moatte.
Saskia van den Broek fan Veiligheidsregio Fryslân