Omrop TIP: De Domela Passy fan Meindert Talma

Meindert Talma toert mei 'De Domela Passie' troch Nederlân. Ut de Fryslân DOK fan Herman Zeilstra komt nei foaren hoe't Meindert Talma him yn de ôfrûne tweintich jier ûntwikkele hat as keunstner.
De eigensinnige muzikant Meindert Talma, oarspronklik fan Surhústerfean, dûkt yn it libben fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, predikant en de earste sosjalistyske foarman. Domela moedige de earme arbeiders oan om selsstannich te tinken en harren te ferienigjen.
Hy waard 'ús Ferlosser' neamd en in soad noarderlingen hiene in portret fan him yn 'e hûs te hingjen. Domela naam ôfskied fan de tsjerke, mar bleau Jezus trou.
Domela Nieuwenhuis yn Museum Heerenveen © Omrop Fryslân
Meindert Talma is fassinearre troch Domela Nieuwenhuis en troch de figuer fan Jezus. Beide hawwe in protte folgelingen, ek Domela wie in soarte Messias. Fan beide is de persoanlike libbensrin ynteressant.
Hûndert jier nei it ferstjerren fan Domela makke Meindert Talma in passy oer him. De passys dy't it lijensferhaal fan Jezus ferbyldzje, binne syn foarbyld.
Meindert Talma © Omrop Fryslân
De dokumintêre lit sjen hoe't Meindert Talma (1968) himsels as muzikant en komponist hieltyd opnij útfynt. Hy begûn as skiednisstudint yn Grins mei syn band 'Meindert Talma & The Negroes', dêr't hy stadichoan mear sukses mei helle fan in nasjonaal publyk.
Hy die spesjale projekten oer fuotballers (Eenmaal Oranje, 2012 en Balsturig, 2019). Meindert makke biografyske ferhalen, lykas de cd oer Jannes van der Wal (2016).
Mei de Domela Passie giet hy in nije faze yn, no't hy wurket mei mear musisy en in kompleet koar. Sjoernalisten binne loovjend oer de 'Domela Passie' en sprekke fan 'een voorlopig hoogtepunt' en 'zijn magnum opus'.
Filmmakker Herman Zeilstra fertelde oer de dokumintêre yn it radioprogramma Op & Ut:
Herman Zeilstra
Foar filmmakker Herman Zeilstra is dizze Fryslân DOK in bysûnder ferhaal: "Tweintich jier lyn makke ik myn earste Fryslân DOK oer Meindert Talma. Ik woe yn earste ynstânsje in doku oer de Fryske roots fan Jiskefet meitsje. As jonge wylde tinker fûn ik de humor en it frije absurdisme fan Jiskefet yn dy tiid (en no noch) geweldich. Geart de Vries, doe noch einredakteur fan Fryslân DOK, stjoerde my op in wat Frysker ûnderwerp ôf. Want Geart tocht: 'dizze sletten jonge baas en soan fan in dûmny kin wol wat mei Meindert Talma, of net?'"
Herman: "Ik bedarre tweintich jier lyn yn dy moaie wrâld fan frijtinkers yn Grins, dy't harren nergens wat fan oan lutsen. Ik haw yn skoften net sa hurd lake as om de 8mm filmkes fan Meindert en de Stichting Hobbyrock. Meindert strielet út dat it okee is om kompleet dysels te wêzen, it te dwaan mei wat der is. En doe't ik frege waard om in film oer de Domela Passie te meitsjen, ha ik gjin sekonde twivele. Ik hie al myn âlde tapes fan doe bewarre en op in âld tapedeck sjoen hoe't it doe ek mar wer wie."
Meindert Talma sjongt de Domela Passie © Omrop Fryslân
Herman Zeilstra: "Yn de doku haw ik Meindert syn foarm oernaam. Hy lit dingen sjen of hearre oer it libben fan Domela en de sjogger moat sels mar betinke wat hy of sy derfan fynt. Meindert jout gjin oardiel, hy fertelt oer it ferline en lit dy frij."
Fryslân DOK 'De Domela Passy fan Meindert Talma' is op telefzyje te sjen op sneon 25 jannewaris 15.30 oere by NPO 2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 26 jannewaris 13.00 oere).
Snein 26 jannewaris 17.00 oere by Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).