Popfabryk ropt muzikanten op om online oan de slach te gean

Produksjehûs Popfabryk hat in wedstriid útskreaun foar muzikale online projekten. Optredens fan artysten geane de kommende tiid net troch en releases fan nije muzyk binne ôfsein. Popfabryk wol mei de wedstriid stimulearje dat net alles hielendal stil komt te stean en wol muzikanten wat jild fertsjinje litte. De tsien bêste ideeën krije 500 euro de idee. It rint sa'n stoarm, dat der ek in twadde ronde komt.
Popfabryk hat online wedstriid
Ien fan de ideeën dy't jild krije, is it plan fan Jos Blomsma. Hy hat in baan as foarmjouwer en makket yn syn frije tiid muzyk. Hy is no dwaande mei in ûnbekende sjongeres út Praag in nûmer te meitsjen. "Ik zag haar al een tijdje op Facebook als vriendvoorstel. Ik raakte nieuwsgierig en zag dat ze twee gemeenschappelijke vrienden had en muziek maakte." Hy frege oft se mei him in nûmer meitsje woe en dat woe se wol.
Se hawwe kontakt fia de chat fan Facebook en wikselje muzyk út fia Google Drive. "Ik heb een paar schetsen gemaakt: elektronische muziek, een baspartij en een synthesizer." De muzikante út Praag is hjirmei oan de slach gien en hat krekt wer wat opstjoerd. "Ze heeft het heel vrij opgevat, het is mooi maar wel heel anders."
Sa wurkje se ta nei in nûmer. Blomsa is ek noch fan doel om der in fideoklip by te meitsjen. It einresultaat wurdt kommende wike online presintearre op 3voor12/Friesland.
Jos Blomsma is ien fan de makkers dy't jild krije
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Thúslab

Bente van Hout is projektlieder fan de wedstriid fan Popfabryk. "We hebben makers gevraagd om een thuislab op te zetten en willen ze uitdagen om thuis iets te ontwikkelen. Het mag ook samen met anderen zijn, maar iedereen moet op zijn eigen honk blijven. Uiteindelijke moeten ze het presenteren zonder dat ze fysiek in aanraking komen met het publiek. Dat kan via een livestream of een video, maar het kan ook een opname zijn."
Bente van Hout, projektlieder by Popfabryk