Oan in tocht fan iuwen komt in ein: oerbôle werom yn Wytmarsum

"It is net foar te stellen dat it slagge is. It nôt is sa moai groeid. It teskjen fan augustus ôf gie goed en no is der bôle." Menno de Vries sjocht grutsk nei it resultaat fan it bakwurk fan mûnder en bakker Christra Bruggenkamp. Yn har bakkerij njonken de mûne fan Wytmarsum is se drok dwaande mei de tariedingen foar it bakken fan mear bôle, oerbôle eins. Bakt dus mei graan, Turkey Red Wheat, dat in lange skiednis hat en hiel oars bewurke wurde moat as gewoan Nederlânsk nôt.
Oerbôle út Wytmarsum
Ein july, op in stik lân tusken Wytmarsum en Penjum. It nôt wurdt terske troch in grutte giele combine. Menno de Vries is benijd wat it pûdsje graan dat út de Feriene Steaten kommen is opbrocht hat. Maklik wie it net en it hat De Vries ek wol kopsoargen jûn. De plant is hiel oars as tradisjoneel nôt. Sa stiet it heger en is de stâle tinner. Troch hurde wyn en rein slacht in part del mar, sa hiene se yn de Feriene Steaten al sein: dêr hoege je je gjin soargen om te meitsjen want de plant rjochtet him al wer op. De fraach is lykwols hoe't it drûget en oft der mei wurke wurde kin.
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
By Pars yn Sint-Jabik is it skjinmakke en dêrnei koe mûnder Christa Bruggenkamp der mei oan de slach. Want lykas yn de tiid fan Menno Simons moast it op wynkrêft mealle wurde. Bruggenkamp hie fuort troch dat it 'apart' nôl wie: "Het is heel zacht meel. Er zit veel eiwit in, twee keer zoveel als in gewoon graan. En dan weer bijna geen zetmeel. Dan maak je een heel ander product dan je gewend bent."
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Gjin resept

Bruggenkamp moast sels eksperimintearje om út te finen hoe't se de bêste bôle meitsje koe. De earste mislearre: "We hebben het deeg laten rijzen op onze standaard manier, in de koeling. Maar daar kwam geen goed brood van. Ik heb aan Menno gevraagd of hij een recept kon regelen in Amerika maar dat is geheim. Toen heb ik het warm laten rijzen en het resultaat was verbluffend."
Mei in bôle yn de tas kaam se sa by Menno de Vries thús oan de keukentafel. Foar De Vries in emosjoneel momint: "Ja, want it gie ús om it ferhaal. Om it nôt dat hjir weismokkele is. Meinommen fia Dútslân nei Oekraïne en sa wer meismokkele nei de Feriene Steaten. Dat wy it dan hjir wer thús bringe en dan môt krije mei sokke spesjale gehalten, dat docht my wat." De oerbôle giet alle ferwachtingen te boppe, seit De Vries: "Christa en ik namen in hap en we seagen inoar oan: dit is 'm. Echt hearlik"

Wytmarsumer oerbôle

De fraach is fansels oft der potinsje yn sit. Menno de Vries wol yn alle gefallen in part fan syn lân wer ynsiedzje mei it oernôt. Ek Christa Bruggenkamp sjocht potinsje: "Een echt eigen Witmarsumer streekproduct. Dat is uniek en daar wil ik zeker mee verder gaan. Bovendien, het is echt lekker. Het brood heeft wat een noot-achtige geur en een smaak die neigt naar rogge." De earste bôle is no te keap yn de bakkerij by de mûne yn Wytrmarsum.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma priuwt de oerbôle
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma