Klokken en iuwenâld oerwurk yn tsjerke Idaerd wurde opknapt

Yn de toer fan Idaerd sit ien fan de âldste tsjerke-oerwurken fan Fryslân. It oerwurk is fan 1573 en no oan restauraasje ta. Mar net allinnich it oerwurk wurdt oanpakt. Der is ek in restauraasjeplan makke foar de klokken yn de tsjerketoer fan Idaerd.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Kees de Boer fan de Monumentenstichting
Benammen de lytse klok is yn histoarysk opsicht weardefol. Dy is makke yn de earste helte fan de 14e iuw.
Eigener fan it tsjerkje is Monumentenstichting Boarnsterhim. Dy is ek opdrachtjouwer fan de restauraasje. De restauraasje is taret en wurdt begelaat troch de Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen Noord-Nederland en wurdt útfierd troch Vellema Torenuurwerken út Hallum.
Menno Sikkink fan de stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen Noord-Nederland
Meardere ynstânsjes ha meibetelle oan de restauraasje, lykas de provinsje, gemeente Ljouwert, de Gravin van Bylandt Stichting en de Hervormde Gemeente Reduzum/Idaerd.