Hast sân ton ophelle yn doarpen foar finansiering wynmûne Reduzum

De ynwenners fan Reduzum en de omlizzende doarpen hawwe hast sân ton oer foar de nije doarpsmûne. No't de fergunning fan de gemeente Ljouwert al in skoftke binnen is, hat de stichting Dorpsmolen Reduzum by alle doarren del west foar finansiering.
© Omrop Fryslân
It resultaat is 677.000 euro oan partikuliere finansiering en dat is mear as de stichting ferwachte hie. "Wy hienen fiif jier ferlyn ek al de fraach steld, mar doe kaam de fergunning net en krigen we tasizzingen foar 400.000", seit foarsitter Henk Vellinga fan stichting Dorpsmolen Reduzum. "Dus dan is dit bedrach wol even in behoarlik stikje mear."
Neffens Vellinga hat dat ferskate redenen. "Foar in part omdat we uteraard sa lang wachtsje moasten. En it is wat nofliker om no jild by ús del te setten as op in bank, want in bank dy jout gjin rinte mear."

Noch net rûn

Mei it ophelle jild is de finansiering lykwols noch net rûn, want de mûne kostet in miljoen euro. De stichting besiket no subsydzje te krijen fan Europa en hopet dat se noch in bankliening krije kinne.
It is de bedoeling de mûne foar de krysttiid te bestellen, sadat er ien jier letter draaie kin.
Henk Vellinga fan stichting Dorpsmolen Reduzum