Bemanning Sterke Yerke werom fan opknappen monumint op Bonêre

Frits Riemersma en Wilfred de Jong fan de Sterke Yerke oan tafel
Hast 40 jier nei har romrofte oerstek fan Harns nei de Nederlânske Antillen, kearde de bemanning fan it Fryske flot Sterke Yerke werom nei Bonêre. It monumint, har ea skonken troch de lokale befolking, wie sa slim fersutere dat restauraasje needsaaklik wie.
Dat monumint wie ein jierren santich op inisjatyf fan it eilânbestjoer en de befolking realisearre as oantinken oan de sportive prestaasje fan de Friezen en har striid tsjin de fersmoarging fan it wetter yn de oseaan. Mar no't it sa fertutearze wie, gie de Fryske âld-bemanning werom. Yn sawat tsien dagen slagge it harren om it monumint wer op te knappen. Dat dienen se mei help fan freonen en famylje.
© Omrop Fryslân
Tongersdei sieten âld-bemanningslid Frits Riemersma en Wilfred de Jong, beide krekt werom fan Bonaire fan in bysûndere reis, oan tafel by Fryslân Hjoed. "Het monument symboliseert de hele geschiedenis van de Sterke Yerke", sei De Jong, "dus we staan niet toe dat dat afbrokkelt. Daar moest wat mee gebeuren."
© Sterke Yerke
No is it monumint wer hielendal opknapt. It monumint byldet de 'Y' fan Yerke út. Dy letter wiest ek nei it plak dêr't de Sterke Yerke yn 1979 strâne. Trije âld-bemanningsleden krigen ferline wike de earepinning fan Bonêre út hannen fan gesachhawwer Edison Rijna.
© Wilfred de Jong