Iepenloftspul: Silte Liefde op It Bilt

'Silte Liefde' spilet op It Bilt. It is in ferhaal oer de leafde tusken twa minsken, mar ek oer de leafde foar dyn bertegrûn. Der komme ekstra foarstellingen fan dit LF2018-iepenloftspul.
Silte Liefde op It Bilt © Omrop Fryslân
'Silte Liefde' is in teäterstik efter de seedyk fan it Waad, op It Bilt, in gemeente dy't net mear It Bilt hjit, mar Waadhoeke. En just dêrom hawwe de Bilkerts in grut iepenloftspul oer It Bilt makke. Op 6, 7, 8 en 9 septimber kin it publyk fan de seedyk ôf it leafdesferhaal meimeitsje, tsjin it dekôr fan de Waadsee, mei muzyk fan de Feetwarmers.
Sa't de makkers it sels yn it Biltsk fertelle: 'In ferhaal over levens die't formd worre deur opfoeding, over ferlangens en hoop, over liefde 'n Silte Liefde' want 't sit in 't leven niet altied met. Maar ok over liefde foor je geboortegrond, foor de Westhoek, 't Wad, nog so'n liefde '.
Ferslachjouwer Pier Wouda makke foar Omrop Fryslân in reportaazje oer 'Silte Liefde'.
Iepenloftspul: Silte Liefde op It Bilt
De organisaasje fan 'Silte Liefde' tinkt der oer nei om ekstra útfieringen yn te plannen. Op harren Facebook-side is mear ynformaasje te finen.