Skipper Geale Tadema fan board lansearre by IFKS

Skipper Geale Tadema fan it skûtsje It Doarp Eastermar is fan board lansearre by in oanfarring yn de IFKS-wedstryd by Ychtenbrêge tongersdei. De Drie Gebroeders fan Arend Wisse de Boer draaide te let by de boppeste tonne, en fear dêrtroch op it skûtsje fan Tadema.
Skipper oer board by IFKS
Tadema siet oan it helmhout, doe't it roer fan syn skûtsje rekke waard. Hy is yntusken wer oan board brocht. It roer fan it skûtsje is bot skansearre. De Drie Gebroeders hat de wedstryd ferlitten en ferspilet dêrmei de goede posisjonearring yn it klassemint.
Yn de radio-útstjoering joech Arend Wisse de Boer syn flater ta en makke er syn ekskuzen oan Geale Tadema. "Ik draaide te let", sei De Boer. "As je sa fout binne, dan ha je ek gjin rjocht om te silen, fyn ik. Dan kinne je better nei hûs gean."
Arend Wisse de Boer