Holwert oan See rjochtet spesjaal projektburo op

Foar it projekt Holwert oan See binne se op it stuit dwaande mei de opset fan in projektburo. Dat moat ûnder oare foar it definitive ûntwerp soargje, foar ûndersyk, it ferlienen fan fergunningen en de start fan de útfiering.
© Omrop Fryslân
Foardat it projektburo oan de slach kin, moat der in detaillearre plan fan oanpak komme. Dêryn moat it gean oer hoefolle oft elke organisaasje bydraacht, de rolferdieling, ferantwurdlikheden en it behear en it ûnderhâld nei de oanlis.

Dielprojekten

It projektburo sil yn oktober offisjeel úteinsette. Oant dy tiid wurdt ûnder oare wurke oan ferskate 'dielprojekten', lykas Boeren Meten Water, Holwerd Natuurlijk Boeiend en Bloeiend en it Living Lab.
De Nederlânske Fûgelbeskerming krige begjin febrewaris 15 miljoen euro fan de Postcode Loterij foar it projekt Holwert oan See. Mei dat bedrach is de realisaasje fan it projekt in stik tichterby.