Europarlemintariër Schreijer neamt Fryske oanpak wolven nayf

De Fryske oanpak foar de problematyk fan wolven is nayf. Dat seit CDA-Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik út Twinte. Tiisdei is yn it Europeesk Parlemint yn Brussel in ynternasjonale konferinsje oer de wolve-oerlêst op ferskate plakken yn Europa. Schreijer fynt dat wolven rôfbisten binne dy't je ûnder kontrôle hâlde moatte. Wolven dy't op streuptocht geane by skieppeboeren, moatte bejage en byneed ek ôfsketten wurde om gruttere oerlêst foar te kommen.
Schreijer: tiid foar aktyf behearsplan
Yn Fryslân binne de lêste wiken ferskate skiep deabiten, ûnder oare by De Knipe en by Boyl yn Weststellingwerf. Ut DNA-ûndersyk hat yntusken bliken dien dat de skiep by Boyl deabiten binne troch in wolf. Heech tiid foar in aktyf behearsplan, neffens Schreijer. As je de wolf net goed beheine en ûnder kontrôle hâlde, sil de skea yn 'e takomst allinnich mar grutter wurde.
Skieppehâlderij is dan net mear mooglik, of allinnich achter hele hege stekken. Schreijer makket de ferliking mei de guozzeproblematyk. Ek dy is út de hân rûn, trochdat de guozzen yn it ferline fierstente folle romte krigen, fynt Schreijer.
Op de konferinsje sil ek Eurokommissaris Karmenu Vella mei in stânpunt komme oer it wolveprobleem út namme fan de Europeeske kommisje.
Wolveprotokol
Yn Nederlân jildt it saneamde 'wolveprotokol' foar de wolf. Dêryn stiet ûnder oare dat in wolf in beskerme bistesoarte is, dy't net deade, ferwûne of fongen wurde mei. Skea dy't troch wolven feroarsake wurdt, wurdt yn prinsipe fergoede. Deputearre Johannes Kramer sei moandei dat er it 'fijn' fynt dat de wolf wer werom is yn Fryslân. Hy sjocht it as in teken dat it goed giet mei de Fryske natoer.