BFVW kriget help út de loft by beskermjen fan fûgelnêsten

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) sil drones ynsette om better sjen te kinnen wêr't nêsten fan greidefûgels lizze. Acht minsken wurde dizze wike oplaat ta dronepiloat en diele earst ien drone. Dy kin mei in spesjale hittesensor fan fyftich meter hichte sjen wêr't aaien op de grûn lizze.
In drone © Custom Drone
Teade de Boer fan Wommels hat de taak op him naam om it hiele projekt, in gearwurking tusken LTO Noord en BFVW, te lieden. "By it meanen, ride de boeren stadich en se tinke der goed om oft der noch fûgels op de nêsten sitte. Mar dochs giet der noch wolris in nêst de messen yn. As wy dat foarkomme kinne, moatte wy dat altyd dwaan."
Projektlieder Teade de Boer fan Wommels
It BFVW, dat net de jongste groep minsken is, set mei de drone ek yn op de takomst. "Wy meie by it BFVW wol in fergriizjende populaasje ha, mar de drone kin in prachtige oanfolling wêze op de fanatike neisoargers. De drone wurdt lykwols gjin ferfanger fan de neisoargers", seit De Boer.
De acht takomstige dronepiloaten binne relatyf jong. Mei ien útsjitter nei santich jier, is de rêst allegear net âlder as fjirtich.