Sel- en wurkstraffen easke foar strafekspedysje yn De Grinzer Pein

Tsjin in 40-jierrige man út Feanwâlden is 200 oeren wurkstraf en in skeafergoeding fan 850 euro easke. De man is de skoansoan fan in 58-jierrige man út Gruttegast. Tegearre mei syn skoansoan en syn 52-jierrige broer út De Grinzer Pein tôge de man út Gruttegast op 27 augustus ferline jier nei in hûs oan de Sintrumwei yn De Grinzer Pein. Neffens de Gruttegaster hie de bewenner syn dochter útskolden en moast de man derfoar boetsje.
Rjochter © Shutterstock.com
Se fernielden ruten en de foardoar fan it hûs en wisten mei geweld binnen te kommen. De bewenner en syn partner koene har ferskûlje achter in barrikadearde doar. Neffens de Gruttegaster haadfertochte wie de oanfal it gefolch fan in al langer rinnende rúzje mei de bewenner.
Tsjin de Gruttegaster is tolve moannen selstraf easke, wêrfan fjouwer moannen ûnder betingst. Tsjin de broer fan de man is ek 200 oeren wurkstraf en 850 euro skeafergoeding easke.