Wetterstân yn rivieren ekstreem lange tiid te leech foar binnenfeart

Der stiet sa'n bytsje wetter yn de rivieren Rijn en Waal dat skippen net streamop farre kinne, rjochting de bergen. Sels net mei in leech skip. Der is ek noch gjin rein op komst en al it reinwetter dat wol falt, falt oan de oare kant fan de Alpen. Neffens Siegfried Kingma fan skippersferiening Schuttevaer is de situaasje foar de Rijnfeart 'zeer kritisch'.
Leechwetter Rijn © ANP
Binnenfearttransport begjint neffens Kingma ekstreem djoer te wurden foar de opdrachtjouwers. De yndustry kin dêrtroch yn swierrichheden reitsje. "Dan geldt dat niet meer voor een aantal goederen. Dat is voor niemand goed", seit Kingma. It giet dan benammen om bulkguod, konteners en stiel yn it Ruhrgebiet.

Ekstreem lange drûchte

Benammen skippen op de Waal en Rijn hawwe lêst fan it lege wetter. Skippers hawwe no noch wol wurk. Dat komt trochdat der folle mear skippen nedich binne, om't de skippen dy't farre it mei de helte fan it laadfermogen dwaan moatte. Foar bedriuwen is dat djoer. De lege wetterstân is ek wer net hiel útsûnderlik. "Het najaar is altijd droog, maar nu is de droogte al in de vroege zomer begonnen. De periode van laag water is dus extremer en langer", seit Kingma.
It is bytiden ien grutte gaos op it wetter.
Binnenfeartskipper Kees de Vries fan De Lemmer

Drokte op it wetter

Binnenfeartskipper Kees de Vries fan De Lemmer is ûnderweis mei syn keppelskip fan 185 meter. Hy fart rjochting Mannheim mei koalen, mar kin it rom lang net hielendal fol laden hawwe. "Gewoanwei far ik mei in djipgong fan 3,60 meter, mar ik ha no mar in djipgong fan 1,50 meter", fertelt De Vries. "It is ek drok op it wetter", fernimt er. "It is bytiden ien grutte gaos."

Oanfarringen

De Vries moat der goed om tinke, want it farwetter is net allinnich smeller troch de leechstân, mar it is ek drokker mei oar ferkear. Op de fraach oft der al oanfarringen west hawwe, antwurdet er: "Dat falt my ta. It liket wol oft wy deroan wend reitsje". Wol soarget de lege wetterstân der foar dat it skip bygelyks faker mei de skroef stiennen rekket.
Yn Fryslân falt it wol ta mei it lege wetter. Dat wurdt op peil hâlden mei wetter út de Iselmar, dêr't it wetter heger siet as it binnenwetter. Yn ús provinsje kin alles wol gewoan trochgean.
Binnenfeartskipper Kees de Vries