Ald-trainer fan SC Cambuur Sandor Popovics ferstoarn

Ald-trainer fan SC Cambuur Sandor Popovics is ferstoarn yn 'e âldens fan 80 jier. Popovics wie tusken 1988 en 1990 trainer by de Ljouwerter fuotbalklup. Yn dy jierren waard er twa kear alfde mei Cambuur.
Fuotbaltrainer Sandor Popovics yn de jierren 80
© ANP
Doe't de fuotbaltrainer by Cambuur kaam, fierde er in drastyske ferjonging troch yn it alvetal. De ein fan syn twadde seizoen by de Ljouwerter klup hat er net mear meimakke. "Na kritische opmerkingen in de pers over o.a. het bestuur werd "Popo" op non-actief gesteld en later ontslagen", sa stiet op de webside fan Cambuur.
De yn Hongarije berne Popovics hie alzheimer. Op Twitter skriuwt Cambuur moandei: "Droevig nieuws: onze oud-trainer Sandor Popovics is op 80-jarige leeftijd overleden. Namens iedereen bij de club heel veel sterkte aan alle nabestaanden."