Piet Paulusma warskôget foar min iis: "It is folslein ûnbetrouber"

Waarman Piet Paulusma warskôget minsken om net it natueriis op te gean. It iis is neffens de waarman folslein ûnbetrouber. Oerdeis is it teiwaar, mei in gemiddelde temperatuer fan sa'n 6 graden. Dêrtroch is de kwaliteit fan it iis hiel min, seit Piet Paulusma.
© Arjan Sijtsma Photography / Omrop Fryslân
Mei de sinne der by moandeitemiddei gean de temperatueren oeral yn de provinsje rap omheech. "Dêrtroch is it folstrekt ûnbetrouber om no it iis op te gean", warskôget Piet Paulusma.
Harkje nei Piet syn warskôging oer de iiskwaliteit