Regisseur Pieter Verhoeff (81) ferstoarn

Ald-Lemster en regisseur Pieter Verhoeff is woansdeitejûn yn de âldens fan 81 jier ferstoarn. Dat hat syn famylje bekendmakke. De Fries om utens hat films en dokumintêres makke en hy wie ek belutsen by telefyzjeprogramma's lykas Kenmerk en Jiskefet.
© ANP
Verhoeff hat earst op de Sosjale Akademy sitten en dêrnei op de Filmakademy dêr't er yn 1966 ôfstudearre. Hy waard bekend troch de spylfilms Het teken van het beest (1985) oer it ferhaal fan IJje Wykstra dy't fjouwer fjildwachters deaskeat en De Dream oer de Hogerhuissaak.
Dat Verhoeff fan Fryske komôf is, is werom te sjen yn syn wurk. Sa makke er ûnder oare de trijedielige searje De Vuurtoren (1994) oer it libben fan in jonge yn in Frysk fiskersdoarp. De fjoertoer dêr't de film nei neamd is, stiet yn Starum.
Verhoeff syn film Nynke giet oer Sjoukje Bokma de Boer, dy't ûnder it pseudonym Nynke van Hichtum berneboeken skreau en troud wie mei dichter en politikus Piter Jelles Troelstra. Ien fan har bekendste titels is Afkes Tiental. Aktrise en haadrolspylster Monic Hendrickx learde spesjaal foar de film Frysk praten. Akteur Jeroen Willems dy't fan Limburchske komôf is, en dy't Piter Jelles spile, moast ek Frysk prate yn de film.
Geart de Vries oer Pieter Verhoeff
Yn 2008 ferfilme Verhoeff it populêre boek De brief voor de koning, fan Tonke Dragt. Hy makke ek tal fan dokumintêres en hy wie regisseur fan komyske programma's lykas Jiskefet foar telefyzje en Radio Bergeijk foar de radio.