8ste dag: in mintgriene caravan as dominostientsje

It sintrum fan Ljouwert stiet op snein 8 july folslein yn it teken fan domino mei it Kulturele Haadstêdprojekt '8ste dag'. Yn fiif oeren tiid soargje minsken, foarwerpen, masines, bouwurken en foarstellings foar ien lange kettingreaksje. In foarpriuwke fan de 8ste dag mei twa fan de 48 skeakels.
REPO Foarpriuwke 8ste Dag

De Caravan

Hoe litte je in caravan ride op wetter? Dat is de útdaging dêr't buertbewenners fan Heechterp-Schieringen harren de lêste tiid oer bûgd hawwe. "Op 8ste dag gaan wij een caravan laten voortslepen door een waterrad, op waterkracht en op kracht van buurtbewoners die water gooien in het vat. De caravan is als het ware één van de vele dominosteentjes die deze dag in beweging komen", fertelt Sil van der Iest, trajektbegelieder fan Meetingpoint Lifemaster. Bedoeling is dat de mintgriene caravan nije wike snein op dizze wize oer de Kelders ride sil.
Sil van der Iest © Omrop Fryslân
Neffens Van der Iest hat in caravan in ferbinende funksje en dêrom bliuwt de caravan nei ôfrin fan 8ste dag ek yn de wyk stean. "Als een soort van buurtcaravan. Ik hoop dat die een verbindende factor in de wijk krijgt, dat mensen denken: 'eigenlijk woon ik best wel in een leuke buurt.'"
Wim Anker spilet advokaat yn 'Het Recht' © Omrop Fryslân

It Rjocht

Ek teäter kin in skeakel wêze yn de oerenlange kettingreaksje. "Aksje lûkt altyd reäksje út", fertelt advokaat Wim Anker. "En dat soarget wer foar nije beweging." Anker spilet sels mei yn it stik 'Het Recht' dat opfierd wurdt op in boat oan de Willemskade. It is in foarstelling oer de grinzen fan it eigen rjochter spyljen yn in demokratyske rjochtssteat." In frou giet in ynbrekker mei geweld flink te liif, wannear't dizze by har oan it ynbrekken is. De offisier fan justysje yn it stik fynt dat de frou te fier gien is yn har ferdigening, mar dan komt Anker as advokaat oan it wurd. "Your home is your castle, de frou wurdt yn har private domyn oanfallen en hat it rjocht op ôfwar."
8ste dag live op Omrop Fryslân

Fanwegen de grutte en it tempo fan de kettingreaksje kinne besikers oan it evenemint lang net alle skeakels goed besjen of de rûte op tempo meirinne. Dêrom wurdt de folsleine kettingreaksje filme troch Omrop Fryslân. Dit sil live te sjen wêze by Omrop Fryslân op TV, Omropfryslan.nl en op de Omrop app. Dêrnjonken wurde de bylden ek live sjen litten op it Wilhelminaplein, Aldehoustertsjerkhôf en it Waachplein. It is nammentlik de bedoeling dat dêr grutte skermen komme te stean, wêrop't de útstjoering live te folgjen is.

De live-útstjoering wurdt presintearre troch Miranda Werkman yn gearwurking mei Marijke Roskam. ClausMedia is kreatyf produsint fan de 8ste Dag.
Mear ynformaasje oer 8ste dag en alle skeakels is te finen op de webside www.8stedag.nl.