Petear Nieuw Noord en SC Hearrenfean oer ûnrêst fan snein

Nieuw Noord
© Facebook Nieuw Noord
Supportersferiening Nieuw Noord hat moandeitejûn in petear mei de direksje fan SC Hearrenfean. Nei de wedstriid tsjin Feyenoord snein hat it op ferskate plakken, wêrûnder yn it Abe Lenstra Stadion, ûnrêstich west . De Feanster supporters wiene net te sprekken oer de provosearjende Feyenoordfans op de haadtribune en woene ferhaal helje. Nieuw Noord kart it geweld rûnom de wedstriid tsjin Feyenoord ôf.
Boppedat wol Nieuw Noord yn petear mei de klup, om't se fine dat dy te strang is. Der is snein in spandoek yn beslach naam en dêroer is Nieuw Noord net te sprekken. Ek is der ûnfrede oer dat der stadionferboden útdield binne, nei't fans fan Hearrenfean in spandoek stellen hawwe fan supporters fan FC Grins.  Om de ûnfrede út 'e wrâld te helpen, wol Nieuw Noord yn petear mei de klup.