Skoallen op Skiermûntseach printsje trijediminsjonaal

De skoallen op Skiermûntseach ha sûnt begjin dit skoaljier in 3D-printer stean. De Inspekteur Boelensskoalle en basisskoalle Yn de Mande sille sels it meast gebrûk meitsje fan dizze printer, mar de skoallen wolle ek in wurkpleats begjinne dêr't de eilanners komme kinne om yn 3D te printsjen. De skoallen hoopje dat se de wurkpleats letter noch útwreidzje kinne mei robots, drones en mear technyske snufkes.