FIDEO: Wynsurfkampioene Arrianne Aukes fljocht oer it iis
1 maart 2018, 17:53 • 1 minút lêstiid
Hurde wyn en iis: de ideale yngrediïnten om te iissurfen. Dat fynt ek wynsurfkampioene Arrianne Aukes fan Sonnegea. Mei har heit en broer is se dizze dagen net fan it iis ôf te slaan.