Frysk Boun om Utens fiert 95-jierrich bestean

It Frysk Boun om Utens fiert sneon it 95-jierrich bestean. Dat wurdt dien yn Ljouwert mei de jierlikse Friezedei. Leden fan 16 Fryske Kriten út plakken as Apeldoorn, Assen, Bodegraven, Den Haag, Zwolle en Utrecht moetsje inoar dan. De gearkomste op it provinsjehûs begûn fansels mei it Frysk folksliet en der wie ek in taspraak fan kommissaris fan de Kening Arno Brok.
Senioaren
De Fryske Kriten hawwe ferlet fan jonge leden foar it fuortbestean. Sa njonkelytsen binne it echt senioareferienings oan it wurden, mei in gemiddelde leeftiid fan 70 jier. Toanielfoarstellingen en oare aktiviteiten binne hieltyd faker op middeis, omdat it jûns foar guon leden beswierlik wurdt. Der is noch mar ien Krite mei in eigen toanielklup, dat is dy fan Assen. Fanwege de hege leeftiid is dy fan Bodegraven al opdoekt. Der binne noch wol fjouwer kriten mei in eigen koar. Dy koaren lieten har goed hearre op de Friezedei.
Untfangst omrop
In wichtich aksjepunt fan it Frysk Boun om Utens is altyd de ûntfangst fan Omrop Fryslân bûten Fryslân. Op guon plakken is dy ûntfangst prima, mar de KPN is ophâlden mei it trochjaan fan de sinjalen fan alle regionale omroppen bûten de eigen regio. It bûn en ek deputearre Sietske Poepjes ha dêrtsjin protestearre by de KPN. De lobby om hjir wat oan te dwaan giet troch.
Arno Brok stuts de Friezen om utens yn syn taspraak in hert ûnder de riem. Yn syn perioade as boargemaster fan Dordrecht waard er nei ferrin fan tiid ek ûnwennich fan Fryslân, sa fertelde er. Brok kin him dan ek net foarstelle dat it Frysk Boun om utens ferdwynt, al sil dy mooglik wol 'in oare foarm' krije yn de takomst. Brok wiisde der fierder ek op dat de lêste tiid in pear Friezen om utens beneamd binne as boargemaster yn Fryslân. It giet om boargemaster Gebben fan Tytsjerksteradiel en boargemaster Agricola fan Dantumadiel. "Wit dat jimme altyd wolkom binne yn Fryslân", sei er tsjin de Friezen om utens. "En as dat net pemanint kin, kom dan tydlik werom om fan Fryslân te genietsjen." Brok toande him fierder optimistysk oer de ûntwikkeling dy't Fryslân trochmakket. "It giet hjir wol aardich."