Oanfraach elektryske laadpeal moat ienfâldiger

Elektrysk ride © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It moat folle makliker wurde om yn de gemeente Ljouwert in laadpeal foar in elektryske auto oan te freegjen. Dat fynt de fraksje fan de VVD. De partij seit dat minsken no ôfheakje omdat it allegearre sa lang duorret en yngewikkeld is. De VVD wol fan it kolleezje witte wat it dwaan sil om de pleatsing fan ekstra laadpeallen te stimulearjen.
De partij wiist op in resint rapport fan Natuur en Milieu. Dêryn stiet ûnder oare dat Ljouwert efterbliuwt yn fergelyk mei oare gemeenten wat it tal laadpeallen oanbelanget. Yn in oar rapport skoart Ljouwert in ûnfoldwaande op it mêd fan skjin en effisjint autogebrûk. De VVD freget it kolleezje oft dit oanlieding is om saken te ferbetterjen.