Bou ekspertizesintrum by Tjongerskâns úteinset

By sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean is úteinset mei de bou fan in ekspertizesintrum foar medysk spesjalistyske âldereinsoarch. It gebou sil ûnderdiel wurde fan it sikehûs, mar ek fan de soarchgroep Alliade. Tjongerskâns sil binnen it ekspertizesintrum in klinyk iepenje en fan Alliade út komme der sa'n 45 keamers foar bewenners.
Bettere kommunikaasje
De ferwachting is dat de kommunikaasje tusken sikehûs Tjongerskâns en soarchynstelling Alliade ferbetterje sil, as se ûnder ien dak sitte. Neffens Mieke Draijer fan Alliade is der op gjin inkeld oar plak âldereinsoarch en sikesoarch sa ticht byinoar. "We zitten letterlijk bij elkaar op de gang en dat hebben wij nog nergens anders gezien." It is de bedoeling dat pasjinten in soepele oergong krije fan it sikehûs nei de âldereinsoarch, wylst se neffens Draijer no noch wolris in knip yn de soarch ûnderfine.
Jierren fan tarieding
De komst fan it ekspertizesintrum foar medysk spesjalistyske âldereinsoarch is binnen Tjongerskâns al jierren in winsk. Grietje van Buiten fan it sikehûs sjocht it hielendal sitten om aanst mei Alliade op deselde gong te sitten. "Wij zijn niet bang voor verschil van inzicht, omdat we ons beide inzetten voor de patiënt. Zet je die centraal, dan ben je het niet snel oneens."
Stedsomjouwing
Neffens arsjitekt Foppe Hoekstra is it de bedoeling dat it ekspertizesintrum oanfiele sil as in stedsomjouwing, wêryn't de minsken prikele wurde om yn beweging te kommen. "It gebou moat werstel azemje." Maart 2019 moat it ekspertizesintrum de doarren iepenje.