Broei yn silo Koopmans

© Omrop Fryslân
Broei yn in boekweitsilo by Koopmans Moalfabriken yn Ljouwert hat tiisdei foar lichte skea oan de opslach soarge. Yn de silo is stof yn de brân rekke en dat soarge foar de broei yn it boekweit.
De brânwacht wie der gau by en koe tefoaren komme dat der brân útbruts. De silo is licht skansearre. De produksje kin wol trochgean. It bart inkeld wolris faker dat de broei yn de moalsilo's ûntstiet.