Sealfuotbalsters twadde op NK

© Omrop Fryslân
De froulju fan de sealfuotbalklub Ljouwert hawwe de finale om it Nederlânsk Kampioenskip ferlern. Yn de Cambuurhal waard de twadde wedstriid mei 0-5 ferlern fan DSC '74 út Haarlem. De earste wedstriid waard yn Haarlem al mei 5-1 ferlern.
De froulju hiene de finale helle troch yn Reden ferrassend te winnen fan Roerdalen en Swifterbant. Yn de finale wiene de Ljouwerters lykwols kânsleas.