Beammekap moat útstrieling Woudagemaal ferbetterje

De leane nei it Woudagemaal op 'e Lemmer sjocht der meikoarten hiel oars út. Om de histoaryske útstrieling fan it gemaal werom te krijen, wurde alle 61 popelierebeammen kapt. It wurk sil sa'n trije wiken yn beslach nimme. Wetterskip Fryslân wurket mei de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed, de provinsje Fryslân, en de gemeente De Fryske Marren oan de nije plannen. It gemaal stiet op de Wrâlderfgoedlist fan Unesco en om dy status te behâlden moat ek de omjouwing fan it gemaal oan bepaalde betingsten foldwaan.
Nije beammen
Mar om de âlde útstrieling te krijen, sil de kap earst in gat efterlitte. Yn de hjerst plantet Wetterskip Fryslân in nije rige ipen. Projektlieder Gerben Algera fan Wetterskip Fryslân tinkt dat it foar in soad minsken wol skrikken is dat dy rige popelieren aanst fuort is. 'Mar it duorret in pear jier en dan binne de ipen ek grut. It wurdt der allinnich mar better op.''
Der wurdt yn de plannen ek rekken hâlden mei ekstra besikers foar Kulturele Haadstêd 2018. Om dy reden wurdt der in grut parkearplak oan it begjin fan de leane makke en wandelrûtes ferbettere. Alle wurksumheden moatte yn 2019 klear wêze. De totale kosten fan de werynrjochting binne 950.000 euro.