Fuotbalje yn 'e tsjerke, it mocht foar de teäterfoarstelling

Fuotbalje yn 'e tsjerke; dat mocht foar ien kear yn Goutum. Foar de opnamen fan in filmke foar de foarstelling 'Het heilige hart van Cambuur'. Dat stik is ûnderdiel fan Under de Toer fan Kulturele Haadstêd. It giet oer it logo fan Cambuur: it reade hert, dat ek it famyljewapen is fan de Van Cammingha's.
Gerriet van den Bogert út Goutum ûntduts dat. Hy is megafan fan Cambuur en wie in skoftke lyn mei syn skoalklasse yn de Agnestsjerke yn Goutum. Hy seach hjir op de roubuorden it Cambuurlogo en frege dûmny Gerard Rinsma oft se yn 'e tsjerke ''ook voor Cambuur'' wiene. De dûmny fertelde dat dit it famyljewapen is fan de Van Cammingha's.
Martijn Barto
Dit ferhaal wie oanlieding foar teäterkollektyf Skoft & Skiep om 'Het heilige hert van Cambuur' te meitsjen. It wurdt yn juny by de tsjerke fan Goutum útfierd. Foar it stik is in filmke makke dat freed te sjen is yn it Cambuurstadion yn de rêst fan de wedstriid Cambuur - Helmond Sport. Gerriet en Cambuurspits Martijn Barto spylje de haadrollen yn it filmke, dat in soarte fan opwaarmer is foar it teäterstik. Se spylje beide trouwens net mei yn it teäterstik.