Glêsplaten op de Broeretsjerke Boalsert wurde ferfongen

De Broeretsjerke yn Boalsert krijt nije glêsplaten op it dak. Dizze en takom wike wurde de 53 platen ferfongen. De glêsplaten út 2006 binne fan minne kwaliteit. Al by de bou fan de glêzen kape op de ôfbrânde tsjerke binne al in pear ferfongen. Ek yn de ôfrûne tsien jier binne twa kear nije platen yn it dak setten omdat se stikken wiene. Troch in produksjeflater koene se net goed oer de kjeld en de waarmte yn kombinaasje mei it feit dat de platen wat bûgd binne.
Troch de wurksumheden is de tsjerke trije wiken ticht. De Broeretsjerke wurdt faak brûkt as fotolokaasje.