Metamorfoaze foar WTC-gebiet troch nij stadion

It WTC-gebiet oan de westkant fan Ljouwert giet de kommende jierren folslein oer de kop. Dat waard dúdlik by de presintaasje fan de plannen foar de nije SC Cambuur Boulevard. By it stadion mei 15.000 sitplakken komt in boumerk, in bioskoop, restaurants, twa supermerken, in 'leasure dome' attraksjepark en de nijbou fan ROC de Friese Poort. It nije Cambuurstadion moat it earste enerzjyneutrale stadion fan Nederlân wurde, fertelt Biense Dijkstra fan boubedriuw Dijkstra Draisma. Mei-inoar wurdt der foar mear as 100 miljoen euro ynvestearre.

It stadion sels wurdt ûntwikkele troch Hessel Meijer, dy't earder yn Kerkrade it nije stadion fan Roda JC en de omjouwing ûntwikkele. By it kompleks moatte sa'n 2.500 parkearplakken komme. It nije stadion moat in 'Ingelske sfear en útstrieling' krije.