UPDATE: Strjitten yn Fryslân splis troch swiere reinbuien

Swiere buien soargen woansdeitemiddei foar in protte wetteroerlêst op guon plakken yn Fryslân. Yn bygelyks Drachten, Wâldsein, Wolvegea, De Pein, Heech, Sumar en Burgum gie it need. Op guon plakken stiet mear as tritich oant fjirtich sintimeter wetter. De brânwacht is op de measte plakken fan de wetteroerlêst oanwêzich en set pompen yn.
Wâldsein
Bewenner Remco de Jong fan Wâldsein siet oan in bakje kofje doe't de soan sei dat it húske net mear trochspiele woe. "De jeugd is no bûtendoar en stiet oan de knibbels ta yn it wetter. It wetter stiet oan de huzen ta en it moat net heger komme, want dan streamt it de wenkeamer yn." Op folrûne kelders nei is der noch gjin skea te melden. "Wol earder hat de strjitte hjir blank stien, mar safolle wetter as der no fallen is, dat kaam wol ûnferwachte. De jeugd fynt it skitterjend. En dat de tún sa drûch wie, dat probleem is no fansels oplost."
De Lawei
Direkteur Stef Avezaat fan skouboarch De Lawei yn Drachten is mei syn personiel oan it dweiljen. "De riolering loopt over en het water komt in foyer en grote zaal. Het is vrij dramatisch. We waren toevallig met het hele personeel bij elkaar om het seizoen af te sluiten en toen kwam de wolkbreuk. Met z'n tachtigen stonden we in ons Café Hopper toen die blank kwam te staan. Dus de mouwen opstropen, dweilen en met de waterstofzuiger aan de slag. Het water staat in de trapgangen, het is pittig."
De brânwacht fan Balk, Wâldsein, Drachten en Beetstersweach is útriden om it wetter fuort te pompen.