Frysk sukses foar Kramer en Bokma by NFM-fierljepwedstriid

Fierljeppers Jaco de Groot en Wendy Helmes hawwe sneintemiddei op It Heidenskip de NFM-wedstriid wûn. Yn in spannende finale pakte Jaco de Groot mei 20.77 meter de titel yn de topklasse by de senioaren. By de froulju wie Wendy Helmes de bêste. Sy ljepte nei in ôfstân fan 16.44 meter. De NFM-wedstriid op It Heidenskip is yn wêzen it iepen Nederlânsk kampioenskip fierljeppen.
By de manlju einigen Hannes Scherjon (20.54) en Ysbrand Galama (20.47) op it twadde en tredde plak. Ek Sytse Bokma (20.19) en Rian Baas (20.01) kamen oer de 20 meter. Nard Brandsma stelde teloar mei it 7e plak (19.36), en ek Bart Helmholt koe net foar in ferrassing soargje. Hy einige mei 18.49 op it achtste plak.
Yn de kategory froulju wûn Wendy Helmes mei in NFM-rekôr (16.44) Twadde waard Dymphie van Rooijen (15.78) en Akke Talsma (14.73) fan Kollum pakte it brûns.
Jeugd
By de jonges ljepte Reinier Overbeek in nij Nederlânsk rekôr mei 19.81 meter. Hy ferpulvere it âlde rekôr fan Age Hulder en himsels fan 19.24 mei hast 60 sintimeter. Wietse Nauta (17.93) en Jarich Wijnstra (17.47) kompletearren it poadium.
Freark Kramer fan It Heidenskip wûn by de junioaren mei 17.77 meter yn de alderlêste finalesprong. Twadde wie Ricardo Faaij (17.62), folge troch Richard van Bemmel (17.57).
By de famkes wie de titel foar Sigrid Bokma fan Hylpen mei 14.31 meter. Op it twadde plak einige Demi Groothedde (13.93). De tredde priis wie foar Mare Dijkstra (13.24).