Spannend wykein foar Fryske showorkesten

Kommend wykein is it lêste wykein fan it Wrâld Muzyk Konkoers dat dizze moanne yn Kerkrade hâlden wurdt. Der binne noch trije Fryske orkesten dy`t harren hearre en sjen litte sille yn it Parkstad Stadion. As earste sil Pasveer Ljouwert meidwaan mei de Marching Parade. Middeis sille Drum- en showfanfare Advendo fan Snits en Takostu fan Stiens harren show sjen litte. Snein moatte de orkesten nochris spylje. Takostu sil dan it spits ôfbite mei harren marsparade folge troch regearjend kampioen op dit ûnderdiel Advendo. Yn de middei sil Pasveer harren show opfiere.
Dernei wurdt it spannend wa`t harren foar de kommende fjouwer jier wrâldkampioen neame mei. It is net allinne spannend foar dizze trije orkesten, mar ek foar Jong Advendo dy`t yn harren difyzje op sawol de ranking fan de Marching Parade as de Show oanfiert.
Sneon en snein is alles live te folgjen op www.wmc.nl/nl/live