"Cambuur hat goeie finansjele basis foar 2017/2018"

SC Cambuur hat in goeie finansjele basis foar it kommende seizoen. It net trochgean fan de promoasje nei de earedifyzje soarget yntern foar in grutte kater, mar finansjeel sjoen slagget it de direksje likegoed om in deeglike begrutting op te stellen foar it kommende seizoen mei in 'spilersbudzjet op nivo'. Dat sizze algemien direkteur Ard de Graaf en technysk direkteur Gerald van den Belt.

De seleksje moat noch wol fersterke wurde. De direksje hâldt rekken mei it mooglik fuortgean fan Van de Streek en Monteiro. De klup sil sadwaande op syk moatte nei fersterking foar ferskate posysjes. Mar de basis stiet en is goed, sa fynt de direksje, en dêr is in soad betrouwen yn. Ofsjoen fan de 'traumatyske' ferlies tsjin MVV hat Cambuur in goed seizoen draaid en dat jout betrouwen foar it kommende seizoen.