Jong FC Twente te sterk foar ONS Snits: 3-2

© Omrop Fryslân
ONS Snits hat sneontemiddei yn Hengelo mei 3-2 ferlern fan Jong FC Twente. Yn it duel yn de tredde difyzje kamen de Tukkers al gau op foarsprong, troch in goal fan Dylan George. Krekt foar rêst sette Jonathan Friman syn ploech op 2-0. Nettsjinsteande de efterstân koenen de Snitsers aardich tsjinstân biede.
Doelpunt fan Lanting
Yn de twadde helte die dat foar it earst fertuten. Doe skoarde Michael Lanting it earste doelpunt foar ONS. Op likense hichte komme siet der foar de gasten net mear yn, hielendal net doe Jong FC Twente krekt foar de ein de 3-1 makke. De nederlaach foar ONS waard úteinlik noch krekt wat lytser, doe't Lanting yn de lêste minuten syn twadde skoarde. Sadwaande stapten de Snitsers yn Hengelo mei in 3-2 ferlies fan it fjild.
KNVB beker
Takom woansdei spilet ONS wer tsjin FC Twente, mar dan tsjin de 'haadmacht'. Dy wedstriid wurdt spile yn Snits, yn de earste ronde fan de KNVB beker.