Doch ek mei oan it ûndersyk nei de Stimmen fan Fryslân

De Ryksuniversiteit yn Grins (RUG) docht ûndersyk nei it Frysk en al syn farianten en hat dêrby de help fan safolle mooglik Friezen nedich. Foar it ûndersyksprojekt 'Stimmen fan Fryslân' wurdt elkenien oproppen om mei te dwaan. Dêrfoar kinst op de webside fan Omrop Fryslân de dialektkwis dwaan en dyn stim ynsprekke op in spesjale app. Mei al dizze ynformaasje soe it yn de takomst mooglik wurde kinne om yn it Frysk bygelyks spraakopdrachten te jaan oan dyn telefoan of dyn auto. Wa wol dat no net?
Stimmen fan Fryslân stiet ûnder lieding fan taalwittenskipper Nanna Haug Hilton. De fan oarsprong Noarske universitêr haaddosint by de RUG, ôfdieling Minderheidstalen/Frysk, praat aksintleas Nederlânsk en sels in aardich wurdsje Frysk. Se fynt it moai dat Fryslân sa’n soad taalfarianten hat. ‘’Der is in grutte taalrykdom yn dizze provinsje’’, fertelt se. Nanna Haug Hilton praat ús by oer it ûndersyk.
Wêrom dogge jim dit ûndersyk yn Fryslân?
“Fryslân is ien fan de meast taalgefoelige provinsjes. Troch in grut ferskaat oan talen en dialekten is de provinsje in foarbyld foar hoe’t meartalichheid wurket yn de rest fan de wrâld. We hoopje fansels dat safolle mooglik minsken meidogge.”
Ik wol wol meidwaan, mar wat moat ik dwaan?
“It ûndersyk bestiet út twa parten. As earste ha we in dialektkwis makke en freegje we de dielnimmer hoe’t hy of sy in bepaald wurd útsprekt. Bygelyks it Nederlânske ‘zaterdag’. Seist dan ‘sneon’, ‘saterje’ of ‘saterdei’? Sa binne der 19 ferskillende wurden en dêrnei kinne we sizze wêr’tsto weikomst. Dizze kwis is te finen op omropfryslan.nl/stimmen of de omropapp. Ek sille der teams troch de hiele provinsje mei tablets op 'en paad om safolle mooglik data te sammeljen.”
En diel 2?
“Foar diel 2 ha we dyn stim nedich. Dêrfoar moatst de app ‘Stimmen’ delhelje. Dizze stiet yn Google Play en iTunes. Mei dizze app kinst dyn stim en dus dyn taal/dialekt opnimme, ûnder oare oan de hân fan in spultsje mei plaatsjes. Al dyn ynsprutsen wurden komme fuortendaliks by ús terjochte. Sa kinne wy der ek direkt mei oan it wurk. De kwis is benammen foar minsken dy’t út Fryslân komme. De opnimfunksje kin ek troch minsken bûten de provinsje brûkt wurde. Ek binne wy fan doel registraasjes fan alle grutte migrantetalen en -dialekten yn Noard-Nederlân te meitsjen.”
Wat is it doel fan it ûndersyk?
“It doel is it sammeljen fan data oer meartalichheid. Persoanlik fyn ik de taalferoaringen yn it Frysk it meast nijsgjirrich fan it ûndersyk. De data dy’t sammele wurde, sille ek beskikber steld wurde oan bedriuwen dy’t spraaktechnology brûke. Dat moat der ta liede dat wy aanst ek Frysk en oare noardlike dialekten sprekke kinne tsjin ús telefoan. Tink oan Siri, de spraakkompjûter op de iPhone. Dy is no allinne yn it Nederlânsk, mar it moaiste soe wêze datsto daliks Frysk tsjin dyn telefoan prate kinst.”
Myn útspraak sit der net by! Wat no?
“Foar de kwis kinsto dan de útspraak sykje dy't it tichtst by dyn útspraak leit. Dêrnei kinst oan de ein fan de kwis by opmerkingen neame hokker wurd it wie en wêr’t it krekt wei komt. Ik nim it dan mei yn de analyze.”
Wannear is Stimmen fan Fryslân foar dy slagge?
“Myn streven is dat der tsientûzen minsken meidogge, mar fansels is alle data wolkom. Alle útkomsten binne trouwens yn de rin fan 2018, it jier fan Ljouwert Kulturele Haadstêd, ûnder oare te sjen by it Lân fan Taal op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.”
Dizze hiele wike jout Omrop Fryslân omtinken oan Stimmen fan Fryslân. De dialektkwis is te finen op de omropapp en op omropfryslan.nl/stimmen. De app Stimmen is te finen yn Google Play en iTunes.