Nije strepen op dyk by Tsienzerbuorren net goed sichtber

De nije strepen op de Snitserdyk by Tsienzerbuorren, binne net sa goed sichtber. De linen binne twa wiken lyn set om de sydkanten fan de dyk en it ynhelferbod dúdliker oan te jaan. Troch it waar en om't der op de dyk sâlt struid is, is de hechting fan ferve net optimaal, seit de foarljochter fan de provinsje.
Tongersdei binne der yn hast alle bochten ek reflektorpealtsjes setten foar in bettere sichtberens. Freed en begjin takom wike wurde kampanjebuorden by de dyk delsetten om minsken te warskôgjen.
Al dizze needmaatregels wurde nommen, nei't der begjin novimber yn ien wike tiid twa slimme ûngelokken barden op Tsienzerbuorren.