Alde sabbatspeal yn Ljouwert yn eare wersteld

Yn Ljouwert is tongersdei in opknapte sabbatspeal ûntbleate. De peal stie sûnt ein jierren '30 by de Hoeksterpoartbrêge as ûnderdiel fan de Joadske symboalyske ôfsluting fan de stêd. Op grûn fan de Talmoed meie Joaden op sabbat bûten it eigen grûngebiet gjin guod ferfiere. Nei de oarloch rekke it pealtsje bûten gebrûk. In twadde peal, oan de oare kant fan de brêge is ferdwûn.
Anna Pool fan Ljouwert hat har it lot fan de sabbatspeal oanlutsen en de gemeente safier krigen dat er opknapt is. Njonken de peal stiet in ynformaasjeboerd.
De offisjele ûntbleating barde tongersdeitemiddei yn bywêzen fan wethâlder Isabelle Diks en opperrabbyn Binyomin Jacobs. Yn har taspraak neamde Diks de peal in seldsum oantinken yn it strjitbyld fan Ljouwert oan de Joadske mienskip yn de stêd, dy't foar de oarloch sânhûndert leden hie. De sabbatspeal stiet sûnt 2009 op de gemeentlike monumintelist.