UNIS Flyers pakt romme winst op Amsterdam

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneon mei 8-3 wûn fan Amstel Tijgers. Marco Postma sette de Feansters al betiid op 1-0. De Amsterdammers profitearren optimaal fan in tiidstraf foar Lars den Edel en makken de 1-1. Tony Demelinne pakte op 'e nij de lieding yn de earste perioade.
Treffers fan Den Edel, Demelinne en Valentijn Bouten yn de twadde perioade soargen foar in 6-1 stân. De Tijgers diene noch wol wat werom yn de lêste perioade, mar Demelinne besoarge de ploech fan trainer Mike Nason mei yn totaal 4 treffers de romme oerwinning.
It wie de earste wedstriid foar de UNIS Flyers op it nije iis fan Thialf. En boppedat de bekroaning fan in poerbêst wykein. Freed wie der al in romme 8-0 oerwinning foar de Feansters op Silverdome Panters.
UPDATE Snein 23 Oktober:
Mei 17 punten út seis wedstriden steane de manlju fan Mike Nason boppeoan. In plak by de earste twa, mei noch twa wedstriden te gean, is no wis. ,,We zijn zeker van de halve finale en dat wilden we natuurlijk halen. Maar ik wil ons goede spel ook de komende weken zien. Dan pakken we de eerste plaats in de poule ook’’, sa seit Nason.