Soan (9) fan fermoarde frou docht syn ferhaal fia fideo

It 9-jierrige soantsje fan de frou dy't ferline jier ombrocht waard yn har hûs oan de Zilverschoon yn Drachten hat tongersdei syn ferhaal dien yn de rjochtbank fia in fideoboadskip. Yn Ljouwert tsjinnet op dit stuit de rjochtsaak tsjin de 43-jierrige eks-freon fan de frou.
Op fersyk fan de neibesteanden en it jonkje sels hat de rjochter de fertoaning fan de ferklearring tastien. It is útsûnderlik foar in bern fan sa'n jonge leeftyd, want gewoanwei meie allinnich bern fan 12 jier en âlder dit dwaan.
Yn it fideoboadskip seit it jonkje ûnder oare: "Had de verdachte het maar niet gedaan dan hadden ik en mijn moeder een beter leven gehad" en "De verdachte had het niet moeten doen. Dan had hij ook een beter leven gehad." Op fersyk fan de advokaat Richard Korver en de neibesteanden is de fideo ek iepenbier makke.
De Drachtster eks-freon fan de frou wurdt der fan fertocht har op 14 augustus mei messteken om it libben brocht te hawwen. It jonkje wie yn 'e hûs doe't de man tasloech.