Arno Louwsma út Bitgum is Sterkste Man fan Fryslân

De 34-jierrige Arno Louwsma fan Bitgum is sneon op it Flaeijelfeest yn Nijehoarne de Sterkste Man fan Fryslân wurden. Foar Louwsma wie it in dream dy't útkaam, want de ôfrûne fjouwer jier waard er alle kearen twadde. Louwsma wûn trije fan de fiif ûnderdielen.
By it trekkerbân tillen wist er de 110 kilo swiere bannen tsien kear boppe de holle te krijen. Hy wûn ek it molkbussen sjouwe en de trekkertilrace. Yn 19 sekonden tilde Louwsma in trekker fan 300 kilo oer in parkoers fan 12,5 meter.
By it molkbus laden waard de man út Bitgum twadde en by it trekker lûken tredde. Dizze beide ûnderdielen waarden wûn troch Kelvin de Ruiter út Surhústerfean, dy't as twadde einige yn it klassemint. Klaas Speerstra fan Tersoal waard tredde.