Skoalgebou ROC Friese Poort yn Drachten duorsumste

ROC Friese Poort hat foar har nijste skoalgebou yn Drachten it BREEAM-NL-Excellent sertifikaat krigen. Dat betsjut dat it skoalgebou no ien fan de duorsumste fan Europa is. It is de earste skoalle foar beropsûnderwiis mei in eksellint skoare en op dit stuit it meast duorsume ûnderwiisgebou fan Nederlân. Fan it earste sketsûntwerp oant de oplevering is der in hiele protte dien op it gebiet fan enezjybesparring en luchtkwaliteit.