Johannes Meeter hâldt op út ûnfrede oer nije regels SKS

Skûtsjeskipper Johannes Meeter hâldt per direkt op by it skûtsje fan Langwar. Dat makke de Stichting Skûtsje Doniawerstal moandeitejûn bekend. Meeter soe gjin betrouwen hawwe yn de nije sylformaasje wêrby't De Twee Gebroeders as iennige skip 12 fjouwerkante meter oan túch ynleverje moat. Dy nije regel waard freed by de Algemiene Ledegearkomste fan de SKS oannaam.
Meeter wie trije jier lang skipper op it skûtsje fan Langwar. Syn bêste prestaasje yn dy trije jier wie in twadde plak yn 2015, wêrby't er it kampioenskip op 0.2 punten nei miste.