Aukje de Vries op achttjinde plak by kandidatelist VVD

Aukje de Vries, ien fan de foarumleden
Aukje de Vries fan Ljouwert stiet op it achttjinde plak op de VVD-kandidatelist foar de Twadde Keamer. De 52-jierrige De Vries sit sûnt 2012 yn de Twadde Keamer foar de VVD. Dêryn hâldt se har ûnder mear dwaande mei belestingen, tafersjoch finansjele merken en it Waadgebiet. Aukje de Vries hat earder ek riedslid yn Ljouwert en steatelid yn Fryslân west.
Premier Mark Rutte liedt de VVD-list, folge troch Jeanine Hennis-Plasschaert en Halbe Zijlstra, dy't oarspronklik fan Easterwâlde komt. Sophie Hermans, de dochter fan âld-kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans fan Beetstersweach, stiet sechtjinde.